Op ’e Skille is in útjefte fan Utjouwerij BokmaSnein 19 Maaie 2013

 
 

















Winsum modeldoarp mei kroech en mfc
10 septimber 2008

De Trijesprong is de nije namme fan de herberch yn Winsum. Mei de oername troch Syb en Ali van Dijk ferdwûn de namme De Driesprong. Tydlik waard praat oer de Herberch fan Winsum. Op freed 29 augustus makke boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel de nije namme bekend.

 

Troch Hinne Bokma

 

De namme is oanbrocht op de gevel fan it kafee. Mar de gevel wurdt ek opfleure mei in skilderij fan trije ljeppers. It skilderij is makke troch keunstneres Lieneke van der Kwaak út Winsum. It skilderij symbolisearret it fierljeppen, de sport dy’t Winsum grutte bekendheid opsmiten hat. It skilderij waard ûntbleate troch Eelke Scherjon út Noardburgum. Neffens Syb van Dijk hat Winsum it oan him te tankjen dat it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum bleaun is.

 Syb en Ali hawwe ein ferline jier it kafee yn Winsum kocht. Se namen de herberch oer fan Doeke en Janneke Steensma. Yn de ôfrûne moannen is der hurd wurke om it etablissemint in nije útstrieling te jaan. It ynterieur is oanpast, der kaam in nije keuken en der kamen inkele hotelkeamers. “Ik doch it foar it doarp. It soe skande wêze as it kafee ferdwine soe. It is in âld gebou mei histoarje”, sa sei Van Dijk bij de oername fan de kroech.

Earder ferline jier waard it mutifunksjoneel sintrum De helling iepene troch boargemaster Liemburg. Doe spruts se har soargen út oer it fuortbestean fan de doarpskroegen. By de iepening fan De Trijesprong joech de boargemaster oan bliid te wezen mei ûndernimmende kafeehâlders yn Littenseradiel. Se tocht dêrby oan Ap en Yvon de Bruin fan kafee Bergsma yn Easterein en Jasper Buddelmeier en Karin Hofma fan Het Wapen van Friesland yn Easterlittens. “Yn dat rychje past ek it kafee fan Syb en Ali van Dijk”, sa sei Liemburg.

“Mar no komt fansels de oare fraach: dat it kafee syn plak yn it doarp wer ynnimt, giet datr net to’n koste fan De Helling?”, sa frege Liemburg har ôf. “Dat hoecht net. De ûnderfining fan it ôfrûne healjier leart, dat it mei goed ûndernimmerskip mooglik is út beide in bestean te heljen, ta meardere eare en gloarje fan it doarp.”

Mar it kin ek oars. “It bliuwt mooglik dat se elkoar net fersterkje, mar kapot meitsje. Dêrom moat der mei-elkoar oparbeide wurde en dat moat fan twa kanten komme. Ik hoopje dat Winsum in modeldoarp wurdt dat sjen hoe’t kafee en multifunksjoneel sintrum tegearre in bydrage leverje kinne oan it leefber hâlden fan it plattelân.

“Hjoed stiet it kafee sintraal. Syp en Ali hat it kocht om it fan de ûndergong te rêden. Wa hie ea tinke kind, dat Syb de njoggende kastlein wurde soe yn dit kafee, it lêste fan de trije dy’t der oait yn Winsum wiene”, sa fertelde Liemburg. Se fûn it knap dat de net-horekaminsken Syb en Ali har mei help fan in tal goeie adfiseurs trochj it lêste healjier hinne wraksele hawwe. Mar it is ek knap fan de adfiseurs. “Want út ûnderfining wit ik, dat rie jaan oan Syb net altyd like maklik is. Hy docht it him eins noait oan tiid, wat hy hjoe betinkt, hie juster makke wurden moatten en dêrom moat hy sa no en dan by it ear pakt wurde om him by de les te hâlden en oaren de kâns te jaan him te folgjen. Mar syn enthûsjasme is ynsprirearjend en twingt respekt ôf en lokkich is Ali der ek noch.”

By Syb en Ali binne ferskate suggestjes foar in nije namme fan de kroech yntsjinne: De Doorloop, it Smulhoekje, de Ynsprong, de Lange Jacht, de Waard fan Winsum, Op ‘e Skâns en Oan it Dok. Mar de kar fan de kroecheigners foel op De Trijesprong. Dy namme is betocht troch Sjerp en Tineke van der Velde út Winsum.

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's
Tandarts Wommels

Klein Bouwservice.

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

Smids DesignStudio

avond4daagse

It Dielshûs