Op ’e Skille is in útjefte fan Utjouwerij BokmaTongersdei 23 Maaie 2013

 
 

















Greidhoek’ Festival siket frou
2 augustus 2011

Wommels - In orizjineel neisimmer festival fanôf de betide sneontejûn. Sa kin it Greidhoek’ festival op it terrein fan Swimbad De Klomp yn Wommels karakterisearre wurde. 17 septimber fan 19.00 ôf oant midsnacht wurdt der in bûtengewoan programma delsetten foar alle ynwenners fan de Greidhoek’ en fier deromhinne. Der is in iepenloft haadpoadium mei licht alternative muzyk. Derneist is der in 70’s-Tinte en in Iglo wêr jong en âld geniete kinne fan in discjockey, poëzij én skilder Bob Ross!

Yn grutte linen stiet neat in slagge jûn en nacht yn ‘e wei, al rint it organisaasjekomitee tsjin ien fraachstik oan: Wêr is eigensinnich froulik muzikaal as poëtysk talint te finen? Grif sil der te iensidich oriïnteard  wêze yn it sykjen nei bysûndere artysten. Fandêr dizze oprop: Bist do, of kinst do fernijend froulik talint dy’t orizjineel is en yn elts gefal de tradisjonele covermuzyk te boppe giet? Stjoer dan in mail nei info@greidhoekfestival.nl en der wurdt kontakt mei dy socht. Sjoch foar mear ynformaasje op www.greidhoekfestival.nl.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's
Tandarts Wommels

Klein Bouwservice.

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshûs

avond4daagse

Smids DesignStudio