Op ’e Skille is in útjefte fan Utjouwerij BokmaTongersdei 23 Maaie 2013

 
 

















Fiif keninklike ûnderskiedings yn Littenseradiel
27 april 2012

Fiif ynwenners fan de gemeente Littenseradiel binne freedtemoarn 27 april op it gemeentehûs yn Wommels keninklik ûnderskieden. It giet om Jitske Agema-Bijlsma út Mantgum, Jan Bootsma út Itens, Hessel Hofstra út Wommels, Durk Monsma út Mantgum en Bernhardus Dominicus Stornebrink út Spannum. Boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel rikte de fersierselen út. 

Bygeand de taspraak fan boargemaster Liemburg:

 

,,Finansjele krisis, ekonomyske krisis, kabinetskrisis, it binne ûnwisse tiden. Mar ien ding  feroaret net en dat is de jierlikse lintsjesrein. Dy is de finansjele merken en de media treast. Alhoewol… de media. It heart by de tradysje dat minsken mei de frjemdste ferhalen nei it gemeentehûs lokke wurde, om dêr folslein ûnferwacht konfrontearre te wurden mei in seal fol famylje, freonen, kunde en de boargemaster. Pas dan hearre jo te begripen hoe let oft it is. Is dy geheimsinnichheid noch fan dizze tiid? Justermoarn hearde ik al in reportaazje op Omrop Fryslân oer de lintsjesrein fan hjoed. Brânt der dan gjin ljochtsje, as jo dat hearre en witte dat jo foar in frjemde opdracht, in nuvere gearkomste of in ûnferwacht útstapke krekt op dy dei de doar út moatte? Ik wit it net. Faak is de ferrassing oprjocht, mar it sil ek wolris foarkomme, dat it toanielstikje knap meispile wurdt. Want jo kinne it fansels ek net aventoerje en tinke, soe ik in lintsje krije? Stel dat jo it mis ha, dan steane jo der ek raar op.

 

Foar ien persoan koene wy hjoed gjin ferlechje betinke dat der op troch koe. Hy hat dêrom juster in útnoeging krige om hjoed oanwêzich te wêzen op in bysûndere gearkomste op it gemeentehûs. It wiene mar twa rigels. Wy koene de wiere reden net neame en it jout ek in rare yndruk, as ik skriuwe soe, dat wy him sa graach werris sjen woene. Efterôf docht bliken, dat dit de bêste metoade is. De persoan yn kwesje moat tocht ha: in brief fan de gemeente, dy kin ik yn it wykein ek wol lêze en hy is fannemoarn gewoan nei it wurk gien.

 

Foar in oare persoan moat de gong nei it gemeentehûs in tebeksetter wêze. Hy miende dat hy der hjoed mei frou en freonen op út soe en no sitte jo, Durk Monsma, op it gemeentehûs yn Wommels dêr’t jo juster ek al wiene, om ús boade Ynskje Veenstra te lokwinskjen mei har jierdei. Dit gemeentehûs is hast jo twadde thús, om’t jo oant 2003 by de gemeente wurke ha as sjef algemiene tsjinst by de ôfdieling behear. Oant 1995 wiene jo ûnderkommandant fan it korps Mantgum fan de frijwillige brânwacht, mar njonken jo wurk wie dat noch net genôch. Jo setten jo yn foar doarpsbelang, wiene lid fan de Wietwetterclub, warber foar de keatsferiening, foar it fakbûn AbvaKabo, jo binne bloeddonor, besoargje iten foar soarchgroep Tellens en al binne jo gjin lid fan tsjerke, jo binne wol al sa’n 25 jier frijwilliger by de Mariatsjerke Mantgum en Skillaerd. Al tweintich jier lang geane jo om ‘e dei de lange trep yn de toer op om it oerwurk op te winen, om’t jo fine, tink ik, dat in tsjerke heart by it doarp. Mar foaral binne jo ek in man dy’t graach bûten is. Ik kin jo as dielnimmer oan de Alvestêde kuiertocht, ik haw ek ris in Swarte Pyt sjoen dy’t bot op jo liket, mar dêr kin ik my fansels mei fersinne. Wol wis is, dat jo neisoarger binne by de fûgelwacht. Foar al dat frijwilligerswurk hat it Keninginne Beatrix hage jo te beneamen as Lid in de Orde van Oranje Nassau.

 

Sa’n warber man, mar dan yn Spannum, is ek Bernardus Dominicus Stornebrink. Yn it doarp kenne se jo as Bennie. Jo binne sa’n man, dêr’t ik der wol in pear fan ha koe yn de famylje, want as de auto stikken is, de goatstien ferstoppe, der skilderwurk dien wurde moat`, de tún ûnderhâlden of in oar putsje, dan stekke jo jo beide rjochterhannen út ‘e mouwen, foar elkenien. Mar jo ynset rikt folle fierder as de technyk. Wa’t ferlet hat fan in praatsje, as der wat foar tsjerke dien wurde moat, as der doarpsfeesten binne of in Slachtemarathon, der wurdt noait om ‘e nocht in berop op jo dien. Lykas Monsma bringe jo ek iten rûn foar Tafeltje Dekje.  Mei jo beskieden, mar fleurige en optimistyske persoanlikheid binne jo in pylder fan de Spannumer mienskip en dy mienskip hat Majesteit der op wiisd, dat it tiid wurdt dêr by stil te stean. Keninginne Beatrix hat goed harke en beneamt ek jo as Lid in de Orde van Oranje Nassau.     

 

Wy reizgje opnij nei Mantgum, nei Jitske Agema – Bijlsma. Frijwillichster by de Zonnebloem en dus warber mei it besykjen fan sike en iensume minsken. Jo stypje it Zonnebloembestjoer ek by it organisearjen fan aktiviteiten en reizen. Foar dit krewearjen waarden jo op 10 novimber 2010 al troch de Zonnebloem yn it sintsje set. Jo binne ek al mear as tritich jier lid fan de Wurkgroep Nierstichting Mid Fryslân, wat ynhâldt dat jo kollektes en braderyen organisearje en faak ek sels achter de stand steane. Sa binne jo ek ûnmisber by de organisaasje fan de jierlikse bingo-jûnen. As lid fan de frijsinnich herfoarme frouweferiening yn Mantgum helpe jo alle jierren mei it yn de wask setten fan it houtwurk fan de tsjerke. En no’t we dochs belâne binne by de frouljusferiening, jo ha ek bestjoerslid en foarsitter west fan de oerkoepeljende Frouljusried Littenseradiel.

Jim begripe it al, it hat Majesteit hage ek Jitske Agema te beneamen ta Lid in de Orde van Oranje Nassau.

 

De reis giet no nei Itens, it wenplak fan Jan Bootsma. Ek jo binne earder ûnderskieden. Yn septimber 2011 binne jo earelid wurden fan de toanielferiening ‘Nim it sa’t is’, dêr’t jo mear as fjirtich jier foar yn’t spier west ha, as bestjoerslid en regisseur. Jo ha ek lid west fan de toanielkommisje Littenseradiel. Mar ek wiene jo skriuwer fan de begraffenisferiening ‘De Laatste Eer’ fan Itens/Hinnaard, bestjoerslid fan doarpsbelang ‘De fjouwer doarpen’, skriuwer fan de Stichting Behâld Hinnaarder Klokhûs, earder wiene jo boer op Hinnaard, en oant op de dei fan hjoed binne jo frijwilliger by it doarpshûs ‘De Lytse Fjouwere’ yn Itens. Oft it no giet om de fûgelwacht ‘De fjouwer doarpen’  of om de biljertferiening ‘De kromme keu’ of de kaartferiening ‘De Fjouwerkaart’, de kofje is brún, de blommen steane op ‘e tafel en it is skjin. Jo aktiviteiten, net allinne foar ferieningen, mar ek foar persoanen, wurde tige wurdearre en dêrom hat it Majesteit hage ek jo te beneamen as Lid in de Orde van Oranje Nassau.

 

Wy komme no werom yn Wommels, by Hessel Hofstra. In jongfeint eins noch, it liket of wie hy amper út ‘e ruften doe’t hy him al ynsette foar de doarpsmienskip. Hofstra stekt net allinne de hannen út ‘e mouwen, hy is ek in tinker en dêrom is it net sa frjemd dat hy by sawat alles wat yn Wommels bart, belutsen wurdt.  Yn 1977 wiene jo bestjoerslid fan de jubileumkommisje ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan de Freulepartij. 25 jier letter wiene jo dat wer, no fansels foar it ieu-feest. It hoecht jin net te fernuverjen, dat  Hofstra yn de tuskentiid bestjoerslid west hat fan de keatsferiening Wommels. Jo wiene oprjochter en redaksjelid fan de doarpskrante Diggelfjoer en letter inisjatyfnimmer fan de nijsgjirrige en altyd aktuele webside fan it doarp. Jo wiene foarsitter fan de stichting It Dielshûs yn Wommels doe’t it Dielshûs noch doarpshûs wie, foarsitter fan it bestjoer fan de útfeartferiening Wommels, foarsitter fan it Wommelser bestjoer fan Simmer 2000 en fan 2006 ôf foarsitter fan Doarpsbelang Wommels. As it my net mist, binne jo ek behelle by de organisaasje fan de Slachtemarathon. Jo kwaliteiten komme ek ta har rjocht by de kaartferkeap foar de Freulepartij. De koördinaasje dêrfan is by jo yn tige fertroude hannen.  Is it in ferrassing, dat it Keningin Beatrix hage hat ek jo te beneamen as Lid in de Orde van Oranje Nassau? Wy meie allinne hoopje, dat jo dizze ûnderskieding net beskôgje as in moaie ôfsluting fan jo aktiviteiten.

 

Tafallich wit ik, dat yn Lemsterlân hjoed ien ûnderskieding útrikt wurdt, en yn Ljouwert 17. Dat liket in soad, mar ferlike mei ús gemeente hiene dat der op syn minst 45 wêze moatten. Wy hoege der fansels gjin wedstriid fan te meitsjen, mar Littenseradiel is net allinne ien fan de feilichste en ien fan de tsjusterste gemeenten, mar ek ien fan de gemeenten mei it heechste tal ûnderskiedingen, omrekkene nei it tal ynwenners. It jout mar werris it belang oan fan frijwilligerswurk foar de leefberens yn de mienskip. Wy kinne der net sûnder. It jout ek oan dat dit frijwilligerswurk yn ús gemeente tige wurdearre wurdt. Want foar it takennen fan elke ûnderskieding ha hiel wat frijwilligers yn’t spier west. It is goed dêr ekris by stil te stean.

 

Dan geane wy no oer ta it útrikken fan de fersierselen. "

 

 

 

 

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's
Tandarts Wommels

Klein Bouwservice.

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

Smids DesignStudio

It Dielshûs

avond4daagse