Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaTiisdei 16 Jannewaris 2018

 


Diggefljoer Wommels wint skriuwwedstriid


9 desimber 2017

De redaksje fan ‘Diggelfjoer’ út Wommels krige mei de premjêre fan Greidehert op freed 8 desimber in sjek fan 250 euro oerlange troch boargemaster Liemburg foar it stik ‘Hy hat my wer takomst jûn’. De sjuery wie ienriedich fan betinken dat dit stik de lêste earste priis fan de Littensteradielster skriuwwedstryd fertsjinnet. De twadde én de tredde priis binne foar de Rûnkranter fan Weidum/Jellum/Bears. (foto Elisabeth Dijkstra)

Mar leafst 111 stikken dienen mei yn de striid om de titel bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk 2017. De sjuery konstatearre dat yn de breedte de kwaliteit fan it oanbod net minder wie as oare jierren, mar dat der minder útsjitters wienen as ferline jier.

 “It stik ‘Hy hat my wer takomst jûn’ út Diggelfjoer fan Wommels is gjin jankfodde, gjin bewuste triennelûker”, sa seit de sjuery. “It is in ynhâlden ferslach oer grutte, yngripende gebeurtenissen yn de libbens fan twa ‘gewoane’ (en dat stiet hjir mei sin tusken oanhellingstekens) manlju. It is in lêsber, nijsgjirrich en gefoelich stik wurden.” De skriuwer fan it stik is der neffens de sjuery goed yn slagge om by de lêzer in gefoel te kreëarjen fan ferbining mei it ferhaal en de ferwurking dêrfan.

 De sjuery wie unanym fan betinken dat it stik “Prakkesaasje” oer it swijen fan de tsjerkeklokken út de Rûnkranter fan Weidum/Jellum/Bears de twadde priis fertsjinnet. “It is in mildkrytysk, beskôgjend en weemoedich stik mei in swymke selsspot dat soarget foar stille wille”, sa fynt de sjuery. De tredde priis giet nei it stik “In tút mei in dakje”; ek út de Rûnkranter. Dit stik foel de sjuery op, om’t it in oarssoartich stik is mei passende yllustraasjes yn byld en sprekkende anekdoatyske, ferdúdlikjende mini-stikjes. It doel fan de rubryk, de lêzer better thús reitsje te litten yn it Frysk, wurdt neffens de sjuery op in boartlike, net belearjende wize berikt.

De sjuery dy’t alle bydragen besjoen hat, bestiet út Gerrit Hoekstra fan Winsum, Margriet Groenveld fan Hidaard en Sjoerd Bottema fan Weidum.

It folsleine sjueryrapport en de priiswinnende stikjes fine jo op de webside fan de gemeente: www.littenseradiel.nl.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 24 jannewaris 2018

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs