Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaTiisdei 16 Jannewaris 2018

 


Barre Krystkuier op 27 desimber yn Easterlittens


9 desimber 2017

Dit jier wurdt yn Easterlittens de njoggende edysje fan de Barre Krystkuier organisearre. Wêrom Barre Krystkuier? Om`t de tocht yn desimber is, de organisaasje waar en wyn net yn de hân hat mar dat de tocht ûnder alle waarsomstannichheden troch giet. It moat wol útsûnderlik min waar en gefaarlik wêze as de tocht net trochgean kin, want dat jout no krekt it “barre” deroan, it rinnen  troch de lannen net te ferjitten.

De tocht wurd mei mooglik makke troch stipe fan frijwilligers en in tal boeren, dy’t harren lân en pleats beskikber stelle. De Barre Krystkuier is altyd op tredde krystdei (27 desimber) en is ûnstien troch in groepke ynwenners fan Easterlittens, dy’t nei de krystdagen tochten dat se nei sokke ‘snobbers’dagen mar efkes wat beweging ha moasten. Dit om de krystkrânskes, banketstaven, kalkoen en oare lekkernij der wer ôf te rinnen.

De tocht giet oer ferhurde en ûnferhurde diken en landerijen en is sfearfol mei lytse ljochtsjes ferljochte. De rûte is ûndertusken bekind en op de dei sels wurd dizze nochris rûn troch de organisaasje en harren frijwilligers om de ljochtsjes út te setten. De tocht start op 27 desimber, middeis om 17.30. Opjaan kin fia krystkuier@gmail.com. Underweis kin der genoaten wurden fan ferskate ferljochtings, muzyk, sûkelademolke en oare omballingen.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 24 jannewaris 2018

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids