|
Omgean mei krimp freget in slachfeardich bestjoer
Sûnt it lêste fearnsjier fan 2008 ha wy te meitsjen mei in kredytkrisis en de gefolgen dêrfan. Der wurdt praat oer in ekonomyske resesje, miskien wol in depresje. Nimmen wit wat dat betsjutte sil, mar wy sille der wol klappen fan meikrije. Tagelyk koene wy foar it earst sûnt jierren wer op redens stean. Dat soarge foar in soad wille, mar de kombinaasje fan riden en krisis rôp ek bylden op fan spekriders en baanfeiers. De jierren tritich sille hooplik net werom komme, mar dit is wol in tiid dy’t him lient foar ynkear en besinning.
Is it tafallich dat der iis leit yn it jier dat de Alvestêdetocht hûndert jier bestiet en Tryater yn in eigen tocht de magy fan de Alvestêdetocht ferklearret nei oanlieding fan dy fan 1933? Dat giet yn de haven fan Hylpen ûngefear sa: it libben is grut en dreech en krekt om’t it sa yngewikkeld is, bine wy de redens ûnder en sweve oer it iis. Sa gau’t Kening Winter it tastiet, fleane wy nei de souder, pakke ús houtsjes, en jouwe se fan katoen. Dat kinne wy en dat begripe wy. De iene foet foar de oare, links/ rjochts, links/ rjochts.
Dit jier ride wy op de wurden fan de nij-keazen presidint fan de Feriene Steaten, Barack Obama, ‘Yes, we can’.
Ferline jier hiene wy it op dit plak oer de bestjoerlike organisaasje. De wurden fan ús adjunkt-direkteur Klaas Abma dy’t ik doe oanhelle, jilde noch hieltyd: bestjoerskrêft en skaalgrutte hawwe neat mei elkoar te meitsjen. It iepenbier bestjoer wrakselt mei twa kritearia; dy fan de ynfloed fan de boargers en dy fan de bestjoerlike slachkrêft. Wy stribje nei in slachfeardich bestjoer dat yn syn dieden oanslút by wat de befolking wol. Us ried hat nei 22 gearkomsten yn de doarpen en ien op it gemeentehûs mei de meiwurkers sein wat de befolking woe. Op 23 juny hat de ried yn in moasje it petear yn de doarpen sa gearfette: de ynwenners sjogge it wol sitten mei Littenseradiel, de gemeente hat de saken oer it generaal kreas ynoarder, de ynwenners kieze foar it plattelân en in weryndieling wurdt ús troch oaren oplein. De ried hat dêrút konkludearre, dat in weryndieling yn ús gemeente net oan ‘e oarder is. Der wurdt net meiwurke oan de foarming fan ien grutte Súdwesthoeke gemeente. De ried wol it roer sels yn hannen hâlde, sjocht oare mooglikheden as oant no ta neamd binne, tinkt posityf oer de gearwurking sa’t dy oant no ta stal krigen hat en tinkt dat wat jo net ha wol ynkocht wurde kin.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders krige de opdracht mei dy konklúzjes rekken te hâlden, de ûntjouwings om ús hinne aktyf te folgjen en geregeld mei de ried te besprekken en mei de ried nei te tinken op hokker wize ynfolling jûn wurde kin oan de sterke foarkar fan ús ynwenners foar in takomst as in selsstannige plattelânsgemeente.
It is in moai geskink foar ús gemeente, dy’t op 1 jannewaris fan dit jier 25 jier wurden is, dat wy net it seisde tsjil oan de Súdwesthoekwein hoege te wurden. It wol my noch hieltyd net oan, dat Kimswert en Warns yn 2011 yn ien gemeente lizze. Oan ‘e oare kant moatte wy net tinke, dat dizze ûntjouwing foar ús gjin gefolgen hat. Fiif gemeenten der’t wy yn mear of mindere mjitte mei gearwurkje, hawwe foar elkoar keazen. Dy fiif sille it de kommende jierren hieltyd drokker krije mei elkoar en har hieltyd minder om ús bekroadzje. Ek al soene sy en wy oars wolle, sa sil it gean. Us beide bûnsmaten yn it ICT gearwurkingsferbân (ISZF) en de sosjale tsjinst (ISD) dy’t ek net meidogge, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân, lizze oan it oare útein fan dy fiif en wolle oparbeidzje, miskien wol fusearje, mei Skarsterlân. Wy moatte ús dus wol hearre litte, wolle wy net fergetten wurde. Allinne efterbliuwe as folle lytsere partij hat ek konsekwinsjes.
It betinken fan de ried dat jo alles keapje kinne, ropt ek fragen op. It goedkeapste is net altyd it bêste, jo moatte dus wol foldwaande kwaliteit yn hûs ha om goed ynkeapje te kinnen. Dy ha wy no, mar bliuwt dat sa? Sa is der wol mear, dat om in antwurd freget. Sa foel it op, dat der in reade tried rûn troch de petearen mei de doarpen: wy wolle net by Ljouwert. Wêr komt dy hâlding wei? Lit ús dúdlik wêze, in fúzje mei Ljouwert is hielendal net oan ‘e oarder. Wy ha der gjin ferlet fan en Ljouwert sjit der ek neat mei op. Mar stêd en plattelân kinne net sûnder elkoar. Dy moatte net mei de rêch nei inoar ta stean gean, mar elkoar opsykje en meiïnoar oparbeidzje. It belang fan in sterke haadstêd is ek ús belang én dat fan de provinsje.
It aktearjen yn it spanningsfjild dat Fryslân driget te wurden, freget om in sterk bestjoer dat net op heale krêft wurkje kin. Dêrom binne wy der tige wiis mei, dat in betûft bestjoerder as Felix van Beek him tydlik foar ús gemeente ynsette wol. Hy hat him al ward yn de petearen oer de takomst fan ús gemeente, dy’t wy mei de lieding fan ús organisaasje hân ha. Dêr wie fansels ek gemeentesekretaris Jan Folkerts by, ek nij. As it oan ús leit komt it ûnderwerp op 23 maart op de riedsaginda. Wy soene dan in nije strategyske fizy yn haadlinen foarlizze wolle. It is noch te betiid dus om der no wiidweidich op yn te gean. Wol kin ik wat fertelle oer de rjochting fan ús tinken dy’t fansels beynfloede wurdt troch demografyske ûntwikkelingen lykas de fergrizing en in ôfnimmende groei fan de befolking. Wy ferwachtsje dat ‘de krimp’ ús minder reitsje sil as guon oare gemeenten, om’t de ûntwikkeling hjir organysk west hat.- wy ha hjir gjin doarpen lykas Drachten en it Hearrenfean dy’t oantangele sitte mei har identiteit tusken servet en tafellekken. Dat it foar ús wol wat tafalle kin, blykt ek út de resinte befolkingssifers dy ‘t op 31 desimber publisearre binne yn de Ljouwerter Krante.
Wy sjogge sels nije kânsen foar ús. Kultuerhistoarysk binne wy in unyk stikje fan Nederlân dat hieltyd kostberder wurdt en it wurdich is om te behâlden. Wy kinne ús identiteit fersterkje troch op duorsume wize te ynfestearjen yn âlde doarpskearnen. In protte huzen yn dy kearnen binne wol karakteristyk, mar foldogge net oan de easken fan dizze tiid. Se moatte oanpast en enerzjysunich makke wurde en dat is foar partikulieren te djoer. Nijbouplannen sille noch mear oanslute moatte by de doarpsstruktuer sa’t dy groeid is, it saneamde doarps-DNA. Sa’n ûntwikkeling fersterket de kwaliteit en de sosjale gearhing. Is dit it ek wat Easterein dúdlik meitsje woe mei it op boartlike wize te keap setten fan it doarp op âldjiersjûn? It bestjoer fan doarpsbelang hat ús yn ‘e neisimmer teminsten wol ynspirearre mei har presintaasje fan de doarpsplannen. De fraach is fansels, hoe’t it betelle wurde moat. It kin net oars, of hjoed of moarn sil de demografyske ûntwikkeling ynfloed ha op de ferdielkaai fan it gemeentefûns. Binnen ús organisaasje, de VNG, wurdt der al oer neitocht, want benammen yn Seelân en Súd-Limburch slane de fergrizing en it werom rinnen fan de befolking no al hurd ta. Dat wy yn de takomst omgean moatte mei minder, is dúdlik. Ek dat freget om in slachfeardige bestjoerlike opstelling.
Ek as it om wurk giet, stiet by ús de identiteit fan de gemeente foarop. Dêrom moat der romte bliuwe foar de boeren. De agraryske ûndernimmers ha der wol rjocht op te witten hoefolle romte se fan de gemeenteried krije; dy sil him dêroer útsprekke moatte. Fierder sjogge wy mooglikheden foar soarchbuorkerijen en de kommersjele en saaklike tsjinstferliening. Wy binne ek net tsjin passende bedriuwen yn de kearnen. Der mei oerdei bêst wat mear libben komme yn ‘e doarpen. Tusken heakjes, ik fyn dat ús doarpen wol in komplimint fertsjinje foar de wize werop de âldjiersfiering ferrûn is. Wy ha gjin wanlûd heard. Der is alle reden om grutsk te wêzen op ús gemeente en dêr drage ek ûndernimmers dy’t hjir har woartels ha ta by. Ek dy moatte har binnen dúdlike grinzen ûntjaan kinne. Dêrneist moatte der mear mooglikheden komme foar lytsskalige rekréaasje.
Dit wiene mar in pear foarsetten. Oan de soarch en de sosjale gearhing bin ik noch net iens takaam. Nei de goeie ûnderfiningen mei de petearen oer bestjoerlike organisaasje fan ferline jier geane wy derfan út, dat ús ynwenners op inselde wize by it petear oer de takomst fan de gemeente behelle wurde. Miskien liede dy kontakten der ek ta, dat mear minsken ynteressearre reitsje yn it wurk fan it gemeentebestjoer. Mei it útsprekken fan in foarkar foar selsstannigens hawwe jim jimsels de plicht oplein dat mooglik te meitsjen. It gemeentebestjoer, dat binne jimme sels. Yn 2010 binne der wer ferkiezingen, dit jier moatte de nije listen opmakke wurde.
Foardat ik my no fierder op glêd iis bejow, gean ik werom nei it echte iis. Yn it winterke fan desimber 2002 sakke der by Hilaard in reedrider trochhinne. Ik leau net dat hy der wat oan oerhâlden hat, mar der kaam wol in konflikt efter wei tusken de brânwacht en de IJswegencentrale Baarderadeel. De brânwacht woe it wek ôfsette mei tûken en linten. De IJswegensintrale fielde dêr neat foar. Yn iistaal betsjut it ôfsetten fan in wek dat it iis fierder betrouber is, en dat wie it net. Mar de brânwacht siet mei it probleem, dat net elkenien mear de iistaal ferstiet. It probleem loste himsels op, want it begûn te teien. It komt ek bûten it iis wolris foar, dat problemen harsels oplosse en dat is yn dizze ûnwisse tiden in gerêstellende gedachte.
Yn ‘e iiswegensintrales Baarderadeel en Hennaarderadeel libje de ieuwenâlde nammen fierder fan de gemeenten dy’t op 1 jannewaris 1984 de gemeente Littenseradiel foarme ha. Foardat it safier wie, moast der nochal wat teld wurde. Nei de ferkiezingen op 19 oktober 1983 krige it CDA 5 sitten, de PvdA 4, de VVD en de FNP elk 2. Nei in protest fan de VVD oer de restsetel dy’t nei de PvdA gien wie, waard der op 21 oktober opnij teld mei as resultaat, dat de restsit takend waard oan de VVD. De Raad van State hat dat beslút nei in klacht fan de PvdA ferneatige. Op 5 maart 1984 waard fêststeld dat Janke Koning riedslid waard foar de PvdA ynstee fan Henk Koning foar de VVD (gjin famylje). Sa kaam der in ein oan de Koningskwestje yn Littenseradiel.
Henk Koning syn belutsenheid is troch it trelit net minder wurden. Hy folget de gemeentepolityk net allinne op ‘e foet mar komt ek geregeld op foar de belangen fan Winsum en fan de âlderein. Hy is ien fan dy belutsen ynwenners dy’t miskien net altyd maklik binne, mar ús wol by de les hâlde. Wat de takomst ek bringe sil, wy bliuwe wach en geane fol moed de kommende 25 jier yn. Ut namme fan it gemeentebestjoer hoopje ik, dat jimme mei ús meigean wolle, sa sûn en lokkich as it mar kin.
«« werom
|
|