Partoer Koelmans wint Froulju's PC Weidum
Margriet Koelmans )Aldebiltsyl), Leonie van der Graaf (Berltsum) en Fenna Zeinstra (Boalsert) hawwe hjoed yn Weidum de 35ste edysje fan de Froulju's PC op harren namme skreaun. Fenna Zeinstra waard útroppen ta keninginne fan de partij. Yn de finale waarden Lisette Wagenaar (Sint Anne), Imke van der Leest (Dronryp) en Gérieke de Groot (Ljouwert) mei 5-3 en 6-4 ferslein. Oant 3-3 holden de twa partoeren inoar aardich yn lykwicht, mar dêrnei naam it partoer fan Koelmans gau ôfstân.
De tredde priis wie foar Evelien Westra (Bitgummole) , Marit Kuperus (Frjentsjer) en Anke Winkel (Hijum). Yn de heale finale ferlearen hja fan it partoer Koelmans. Healwei de middei waard de partij foar in goed oere stil lein. Rein makke troch keatsen net mooglik en it fjlid moast opknapt wurde.