Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaWoansdei 18 July 2018

 


Spulwike set op 23 july mei san 650 bern útein


9 july 2018

Fan moandei 23 july ôf sil yn Easterwierrum, Easterlittens en Weidum wer omraak it ‘Holle Bolle Tsjing’ klinke. Hast 650 bern hawwe harren ynmiddels oanmelden foar de moaiste wike fan it jier. It tema is dit jier ‘Superhelden & Stripfiguren’ en de lieding, besteande út sa’n 150 frijwilligers,  is drok dwaande om wer de meast fantastyske spultsjes foar de bern te betinken.

Foar de Spulwike is mei it yngean fan de nije gemeentes in protte feroare.  Foar de Stichting en har haadbestjoeren wie dit in reden om de skouders der nog ris ekstra ûnder te setten. Sawol de gemeente Súdwest-Fryslân as in dikke twahûndert Freonen fan Spulwike oanjûn hawwe it behâld fan Spulwike stypje te wollen.

De Stichting Spulwike Littenseradiel docht noch ris in kear de oprop oan elk dy’t meihelpe, stypje as Freon fan Spulwike wurde wol. ,,Lit ús meiïnoar der foar soarchje dat de Spulwike bestean bliuwt”, sa seit foarsitter Johannes Hazenberg. ,,Wy binne der noch net.”



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 27 juny

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids