Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaWoansdei 26 Septimber 2018

 


Fjirtjinde edysje fan Jong-Feintepartij op 25 july


9 july 2018

 Op de fjirde woansdei fan july, dit jier is dat op 25 july, is de 14e edysje fan de Jong-Feintepartij, de spesjale KNKB ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier. Om 10.00 oere hinne. De lotting is op moandei 23 july, de jûns om 20.00 oere yn it ferieningsgebou op ‘De Skoalleseize’ yn Easterein.

Op de Jong-Feintepartij wurdt elk jier striden om de “Sulveren Leest”. Dizze unike wikselpriis wurdt beskikber stelt troch Jan Hiemstra út Frjentsjer (âld ynwenner fan Easterein en skriuwer fan ús jubileumboeken “Bûkelje en boppeslaan” en “Fol Faasje Fierder”).

K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge slaan tusken de jonges- en de senioarenkategory. Yn oerlis mei de KNKB kaam Easterein út by de kategory junioaren, omdat der nei de Freule yn Wommels nei de jongeskategory in protte jonge keatsers ôfheakje, wat it KNKB-keatsen oangiet. Al jierren wrakselje it KNKB en de ferieningen mei dit fraachstik.

Der is keazen foar in ôfdielingswedstriid om op dizze wize de measte keatsers út te daagjen de tinkbyldige keatswant op te pakken en it plak fan wenjen te fertsjinwurdigjen. Neist de wikselpriis de ‘Sulveren Leest’ binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in slúf mei priisjild. Al mei al in prizepot fan rom 3.300 euro.  Sjoch foar alle winners en ferslaggen fan de ôfrûne jierren op  www.kfeasterein.nl



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   mail troch   [0] Reaksjes   [0] Foto's

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 3 oktober 2018

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs