Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaFreed 14 Desimber 2018

 


Famylje Hoesman 25 jier op merke Winsum


23 juny 2018

Yn Winsum binne se wiis mei de famylje Hoesman út Nijewier. Se wiene dit jier foar de 25ste kear op de merke. Earst kamen Gert en Marlies allinne mei de snackwein, letter kamen der in tsjittinte en de grypautomaten-attraksje Lucky Cranes by. Gert en Marlies wurdearje yn Winsum foaral de gesellichheid fan de merke. ,,Wy bouwe yn de rin fan de jierren in bân op mei de minsken”, fertelt Marlies. ,,Dy bân is hiel spesjaal.” De famylje Hoesman is fan heal maart oant heal septimber ûnderweis. Sa steane se al mear as tritich jier op de merke yn Hilaard. Ek de Boksumer merke stiet al jierren yn de aginda fan Gert en Marlies. Foar 25 jier merke yn Winsum krigen se fan de merkekommisje in spandoek oanbean.



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   [0] Reaksjes   [0] Foto's

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids