Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaFreed 14 Desimber 2018

 


Nije sportakkommodaasje draacht by oan leefberens Littens


25 juny 2018

It Olympysk fjoer baarnde ôfrûne sneon 23 juny efkes op it sportkompleks Tred Iene yn Easterlittens. De sportferienings namen dêr de nije Multisportarena Easterlittens yn gebrûk. Op it plak fan it gravelfjild is in multifunksjonele sportakkommodaasje oanlein, dêr’t mei in protte wille fuotballe, keatst, basketballe, gymnastike en skeelere wurde kin.

Troch Hinne Bokma

It plan is yn de ôfrûne jierren útwurke troch de projektgroep Gravelveld Ontwikkelen (GO). It wie yn 2015 Pieter Steinfort, dy’t mei it idee kaam om it âlde gravelfjild, dat der al jierren suterich bylei, in nije bestimming te jaan. It idee late ta de oprjochting fan in projektgroep, dêr’t alle sportferienings út Littens, doarpsbelang, De Jister, de skoalle, twa ûnôfhinklike leden en in neiste bewenner yn fertsjintwurdige wiene.

,,Wolle jo hjoed de dei wat fan de grûn tille en ûntwikkelje dan is draachflak in fereaske. Jo sille as lyts doarp je enerzjy stekke moatte yn aktiviteiten, dêr’t je net allinne op koarte termyn, mar foaral ek op langere termyn profijt fan ha. Dat betsjut dat jo ek de nekke útstekke moatte”, sa sei foarsitter Paulus Zijlstra by it iepeningsfeest fan de akkommodaasje.

De nekke útstekke hat de projektgroep dien. Mei it projektplan gong de projektgroep de boer op en wist in foarinoar te krijen dat it jild op tafel kaam. Ferskate ynstânsjes kamen mei subsydzje oer de brêge, de gemeente Littenseradiel wurke mei en frijwilligers gongen op paad mei sekjes ierappels. Uteinlik wie der foar de multifunksjonele sportakkommodaasje 116.000 euro nedich.

De gebrûkers fan de nije akkommodaasje binne de fuortbalferiening Oosterlittens, gymnastiekferiening Longa, keatsferiening Onder Ons en de ijsclub Eendracht. Tidens de iepening lieten se al wat sjen. ,,Wy binne der fan oertsjoege dat dit projoekt yn kombinaasje mei mfc De Jister bijdrage sil oan de fitaliteit en leefberens fan ús doarp”, sa sei foarsitter Zijlstra.

 

 



«« werom

Dit artikel: ôfdrukke   [0] Reaksjes   [4] Foto's
Mear foto's

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

StudioSmids

It Dielshs