Op e Skille is in tjefte fan Utjouwerij BokmaWoansdei 26 Septimber 2018

 


Trainer Douwe Posthuma stapt oer fan Nijland nei SDS

Douwe Posthuma fan Nijlân wurdt mei yngong fan it seizoen 2018/2019 haadtrainer fan fuotbalferiening SDS yn Easterein. Posthuma is no noch trainer fan it earste team fan Nijland. Earder hat er trainer west by Creil yn de Noardeastpolder. By Nijland is de trainer mei it earste yn it seizoen 2014/2015 kampioen wurden yn de tredde klasse. By SDS is er de opfolger fan Marco Hoekstra, dy't koartlyn is beneamd ta direkteur fan de Keatsbûn. Dizze baan is net te kombinearjen mei it trainen fan it earste fan SDS.

 

Nijlân en SDS spylje beide yn de tredde klasse. Op 21 oktober spilen de twa ploegen yn Nijlân tsjin elkoar. De 'derby fan de Greidhoeke' waard doe wûn troch Nijland mei 1-0. Op 24 maart 2018 komt Nijland mei trainer Posthuma nei Easterein. Yn it ferline hat Posthuma faak as spiler tsjin SDS spile. 


Jo reaksje tafoege

Besteande reaksjes:
Der binne noch gjin reaksjes.

Folgjende krante

 

De folgjende krante komt út op woansdei 3 oktober 2018

AGINDA




Gean nei de agina

DIGISKILLE




Foarside argyf
Auto Haaima

Lukkes

Tandarts Wommels

Klein

Van der Velde Mode en Slapen

Accelent

It Dielshs

StudioSmids